Fal fan trep: better 112 belje

06 apr 2010 - 12:10

De fertochte fan belutsenens by de dea fan Femmy de Leeuw fan Burgum seit dat er miskien mear dwaan kinnen hie om syn freondinne te helpen. De man belle mei in dochter neidat it slachtoffer fan 'e trep fallen wie. Neffens syn advokaat ûntstiet no it besef dat er better mei 112 belje kinnen hie.

De man is ûnderwilens frijlitten, mar is neffens it OM noch wol fertochte. Dat bliuwt sa oant it ûndersyk klear is. Sa is op dit stuit noch de fraach oft der alkohol yn it spul is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)