Finansjele stipe Leppehiem

06 apr 2010 - 11:30

Mienskipssintrum Leppehiem yn Akkrum hat 50.000 euro krige fan it Oranjefonds foar it nije multyfunksjonele sintrum De Boarn. Dêr wurdt op dit stuit drok oan boud. Yn it sintrum krije ferskate doarpsaktiviteiten ûnderdak.

It doarpssintrum en it soarchsintrum moatte mear ien gehiel wurde. Yn Leppehiem sitte al bernedeiferbliuwen, muzykferienings, in muzykskoalle en in ferloskundigepraktyk. De nijbou fan De Boarn moat ein dit jier klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)