Skoandochter moardfertochte

Foto: Omrop Fryslân
De frou dy't fêstsit foar de moard op Pytsje Bouma yn Frjentsjer is de skoandochter fan it slachtoffer. Justysje befestigt dat. De frou moat yn alle gefallen noch trije dagen yn foararrest bliuwt. Tongersdei wurdt bekend oft se noch langer fêsthâlden wurde moat.
Pytsje Bouma waard mids maart fermoarde yn har flat yn Frjentsjer. Se is mei messtekken om it libben brocht. Freed waard de 47-jierrige skoandochter oanhâlden.