Jeeps ferniele dunen Amelân

06 apr 2010 - 10:37

Unbekenden hawwe yn it peaskewykein de natuer op It Amelân fersteurd troch mei jeeps troch de dunen te riden. Dat barde snein oan de eastkant fan it eilân.

Bestjoerders fan trije jeeps hawwe sawat in kilometer troch de dunen riden. Benammen fûgels waarden dêrtroch fersteurd. De plysje is op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)