Fandalen oanhâlden yn Ljouwert

06 apr 2010 - 09:32

De plysje hat yn de nacht fan snein op moandei fjouwer jonge Ljouwerters oppakt fanwege fandalisme. Se setten yn de omkriten fan 'e Troelstrawei túnmeubilêr op strjitte en smieten konteners en in mobile wc om. Dat diene se neidat se te stappen west hiene.

De fjouwer naaiden út doe't se de plysje seagen. Deplysje fûn se lizzend achter in muorke. It giet om fjouwer Ljouwerters fan 16 en 17 jier âld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)