Paulo Henrique nei Palmeiras

05 apr 2010 - 22:01

Paulo Henrique ferhuzet fan Sportklup Hearrenfean nei Palmeiras. It kontrakt fan de Braziliaan waard by Hearrenfean net ferlingd en snein waard syn kontrakt sels per direkt beëinige. Henrique koe ek nei FC Twente, mar hy woe graach werom nei syn heitelân.

Palmeiras komt út de stêd Sao Paulo en waard dit seizoen fjirde yn de Braziliaanske earedivyzje. Henrique spile sûnt 2007 foar Hearrenfean, mar hy makke syn namme as talint nea echt wier. Hy tekenet foar twa jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)