Famke (2) dea troch geweld

De plysje yn Eindhoven ûndersiket de saak mei 12 man
It 2-jierrich famke út Drachten dat sneon yn in sikehûs yn Eindhoven ferstoarn is, is troch geweld om it libben kaam. Dat hat bliken dien by seksje troch it Forensysk Ynstitút.
Wat krekt bard is, wol de plysje noch net sizze. It famke waard sneontemoarn troch har mem en in oare frou swier ferwûne nei it sikehûs brocht. De mem en de oare frou binne flak dêrnei oanhâlden. Se wurde fertocht fan belutsenheid by de dea fan it famke.