Lêste Aaipop mei Jitiizer

It Fryske popfestival Aaipop moat it tenei sûnder Jitiizer dwaan. Moandei spile de band foar it lêst op it Fryske festival dat altyd op peaskemoandei yn Nijlân is. Nei hast 20 jier hâldt de band dermei op. Der wiene lykwols ek in tal nije bands op it festival. Under oare Jarretank en N.N.B. nimme it stokje graach oer.
Fan 'e Aaipopedysje 2010 wurdt in cd makke. Earder waarden ek al opnames makke, mar doe wie de kwaliteit te min.