WKE-Snits Wyt Swart: 2-1

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart gie op peaskemoandei op besite by WKE yn Emmen. De Snitsers ferlearen de wedstriid mei 2-1. Yn de earste helte kaam de ploech fan trainer Inne Schotanus op in 1-0 efterstân. It wie Kassim Bizimana dy't foar Snits foar de lykmakker tekene.
Troch in ûnterjochte frije traap dy't der yn ien kear ynsketten waard, waard it letter 2-1 foar WKE. Dat wie ek de einstân fan de wedstriid.