On-line 'petysje foar Fryslân'

05 apr 2010 - 16:05

Minder provinsjes of sels 0 provinsjes om sa jild te besparjen. It is ien fan de advizen fan in amtlike wurkgroep om de kommende jierren miljarden te besunigjen. Mar neffens de Ried fan de Fryske Beweging moat Fryslân bliuwe.

De Ried is dêrom út ein set mei in petysje op ynternet om Fryslân as bestjoerlike ienheid te behâlden. De Ried tidiget op in soad reaksjes. De petysje op www.foarfryslan.nl wie moandei al troch inkelde hûnderten minsken ûndertekene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)