Fiif jonges springe yn sleat

05 apr 2010 - 15:55

Yn Frjentsjer binne yn de nacht fan sneon op snein fiif jonges yn 'e sleat sprongen, omdat se bang wiene dat se in bekeuring krije soene foar fytsen sûnder ljocht. De plysje wie op syk nei in stellen fyts en seach dêrby krekt foar de fytstunnel ûnder de A31 in groep jonges fytsen. De jonges krûpten wei yn de boskjes.

Nei in oprop fan 'e plysje lieten trije jonges harren sjen. De oare twa waarden oantroffen yn in sleat, oant de middel ta yn it wetter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)