Terherne wol troulokaasje

05 apr 2010 - 15:03

Wettersportdoarp Terherne mikt op steltsjes út it Westen dy't graach trouwe wolle. Alteast dêr set de nije hierder fan 'e Herfoarme tsjerke him foar yn en ek Pleatslik Belang.

Om de dream fan in Las Vegas oan de Snitsermar wier te meitsjen moat de tsjerke in permaninte troulokaasje wurde. Mar dêr jout Boarnsterhim gjin tastimming foar, sa hat Pleatslik Belang te hearren krige. De útbaters fan de tsjerke binne al oplaat ta bysûnder amtner boargerlike stân (BABS).

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)