Skorsings nei fjochtpartij

05 apr 2010 - 14:04

De spilers fan de b-junioaren fan VV-Hearrenfean dy't har misdroegen ha yn de wedstriid tsjin SVM út Marknesse binne troch it bestjoer fan de klup skorst. Takom wike wurdt besjoen oft der swierdere sanksjes folgje moatte.

De wedstriid rûn út de hân nei tal fan yrritaasjes en oertredings. De doelman fan SVM krige in kopstjit fan in Hearrenfeanspiler en waard yn it gesicht slein. Hy is behannele by de toskedokter. De lieder fan SVM rekke ferwûne troch in fûstslach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)