Man oppakt foar stekpartij
In 25-jierrige Drachtster is moandeitemoarn yn Ljouwert oanholden, omdat er fertocht wurdt fan besykjen ta deaslach of moard. De man hat op freed in 32-jierrige plakgenoat delstutsen op de Heasouder yn de Drachtster wyk De Trisken.
It slachtoffer hie in stekwûne yn de búk. Nei behanneling mocht er wer nei hûs.
Trefwurden:
argyf