Seksje op 2-jierrich famke

05 apr 2010 - 11:05

Der sil op peaskemoandei seksje dien wurde op it lichem fan it 2-jierrige famke út Drachten dat ôfrûne wykein yn it sikehûs fan Eindhoven ferstoarn is. Se waard ôfrûne sneon swier ferwûne troch har mem en har freondinne nei it sikehûs brocht en is dêr letter stoarn.

De plysje giet út fan in misdriuw en hat de mem en de frou oanhâlden. De plysje fertinkt se fan belutsenheid by de dea. Acht resjersjeurs dogge ûndersyk nei de dea fan it famke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)