Gertjan Verbeek yn byld by AZ

04 apr 2010 - 18:30

Fuotbaltrainer Gertjan Verbeek is yn byld by AZ om dêr takom seizoen haadtrainer te wurden. De ploech út Alkmaar hat syn wurkjouwer Heracles Almelo frege oft der mei him praat wurde mei. In klausule yn it kontrakt fan Verbeek makket in oergong mooglik.

Verbeek, noch altyd ynwenner fan Jobbegea, wurdt yn Alkmaar sjoen as de ideale opfolger fan Dick Advocaat. Dy sil wer folslein oan de slach as bûnscoach fan België.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)