Jubileum foar sylskoalle Rufus

It wie dit wykein grut feest by sylskoalle Rufus yn Broek. De sylskoalle by De Jouwer bestiet 25 jier. Der is foar dy gelegenheid it boek 'Masten tussen de koeien' skreaun. Dat is oerlange oan boargemaster Kuiper fan Skarsterlân.
Neffens skriuwer en âld-eigner fan de sylskoalle, Ronnie Jongert, is Rufus net inkeld unyk fanwegen de lokaasje. Mar ek fanwegen de doelgroep dêr't de sylskoalle him op rjochtet, minsken fan boppe de 30 jier.