De Jouwer ferliest mei 3-0

04 apr 2010 - 14:01

De_Jouwer hat sneon op it eigen fjild mei 3-0 ferlern fan Quick '20. De Jouwer stiet ûnderoan en spile in net sa'n bêste wedstriid.

Christiaan Cicek wie de grutte man by by de ploech út Oldenzaal, hy makke alle trije doelpunten. Yn de 27e minút fan de earste helte waard it 1-0. Yn de twadde helte waard it 2-0. Yn de lêste minút fan de wedstriid makke er syn tredde doelpunt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)