Aris yn slotfaze ûnderút

04 apr 2010 - 00:02

De basketballers fan De Friesland Aris ferlearen sneon yn it Kealledykje mei 79-89 fan Den Bosch. De wedstriid gie lang lykop, by it skoft stie Den Bosch ien punt foar: 42-43. De Ljouwerters pakten yn it tredde kwart lykwols in foarsprong fan fjouwer punten. Yn it fjirde kwart kaam Aris sels acht punten foar, mar yn de slotfaze wienen de Brabanners tûker.

Aris is as nûmer 6 al wis fan de play-offs en spilet dêr tsjin de no noch ûnbekende nûmer 3 fan de earedivyzje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)