Hamburger ferliest mei Oxford

Hamburger by de race ferline jier (foto: Omrop Fryslân)
It is roeier Sjoerd Hamburger fan Aldeberkeap mei de universiteit fan Oxord net slagge om de boatrace te winnen. Sy moasten it ôflizze tsjin Cambridge yn de 156e edysje fan dizze tradisjonele en histoaryske roeirace.
Hamburger wie dit jier presidint fan de boat fan Oxford en sy begûnen goed oan de race. Se namen in foarsprong, mar yn it twadde part fan de wedstriid oer de Theems yn Londen kaam Cambridge sterk werom. Ferline jier wûn Oxford al, doe die Hamburger ek mei.