Bouwe oan peaskefjoer Elslo

03 apr 2010 - 16:34

De peaskebulte yn Elslo moat alle jierren wer heger wurde as it jier dêrfoar. Aldjiersferiening Vesuvius út Elslo is sneon drok dwaande mei tûken en beammen foar it peaskefjoer. Elk jier komme der sa'n tûzen minsken op ôf. It doel is om Elslo op 'e kaart te setten en jild op te heljen foar ferskate aktiviteiten yn it doarp.

Neffens de âldjiersferiening is de bulte mei 15 meter heger as ferline jier, mar it is net de heechste oait.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)