Harkemase Boys ferspilet winst

03 apr 2010 - 16:30

Sneonshaadklasser Harkemase Boys hat trije punten lizze litten tsjin CSV Apeldoorn. Op it eigen sportpark 'De Bosk' waard in 3-1 foarsprong fuortjûn. De wedstriid einige yn 3-3.

Binnen in minút kamen de Boys al mei 1-0 achter, troch in goal fan Jaap de Brouwer. In hattrick fan Martijn Barto soarge derfoar dat de thúsploech mei 3-1 foar kaam. Yn de lêste 20 minuten fierde CSV de druk op en troch goals fan Mark Fennebeumer en nochris De Brouwer waard it dochs noch in lykspul.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)