Opnij brân yn natuergebiet
Der hat freed op 'e nij brân west yn in natuergebiet oan De Lange Reed yn De Westereen. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle. Dochs gie der sa'n 50 kante meter reid ferlern. Ofrûne tiisdei wie der ek brân yn it gebiet.
In tsjûge koe de brânwacht fertelle wa't de brân fan oantstutsen hie. De fertochte krijt meikoarten besite fan de plysje.