Stienzer (90) ferwûne

03 apr 2010 - 14:57

In man fan 90 jier út Stiens is freedtemiddei ferwûne rekke by in oanriding yn syn wenplak. Hy ried yn syn skootmobyl in krusing op en seach dêrby in auto oer de holle.

De bestjoerster gong noch fol yn de remmen, mar it slagge har net om in oanriding foar te kommen. It slachtoffer rekke ferwûne. Hy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)