Plysje pakt strjitrôver op

De plysje hat sneon yn Ljouwert in strjitrôver oanhâlden. De fertochte (18) hie in frou (70) oerfallen op de Stinzenflora en ferskûle him dêrnei yn in bedriuwsgebou oan de Neptunuswei. Meiwurkers fan in njonkenlizzende skipswerf hiene fia in boargernetaksje berjocht krigen fan it foarfal en ha it terrein ôfsletten.
De plysje hat in kollega mei in hûn ynskeakele. Sa koe de fertochte oanhâlden wurde. It slachtoffer rekke ferwûne en is behannele yn MCL.