Toetsing fertochte moardsaak

03 apr 2010 - 13:48

De rjochter-kommissaris yn Ljouwert sil Peaskemoandei toetse oft de fertochte yn de saak op de moard op Pietsje_Bouma út Frjentsjer terjochte fêstsit. Freed waard in frou (47) oanholden. Se wurdt fertocht fan belutsenheid by de moard. Yn it belang fan it ûndersyk docht it IM gjin meidielings.

Pietsje Bouma waard 14 maart dea fûn yn har wenning yn Frjentsjer. Ut seksje die bliken dat se mei messtekken ombrocht is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)