Yad Vashem foar âlden Mulder

Tiny Mulder (foto: Omrop Fryslân)
De âlden fan skriuwster Tiny_Mulder hawwe postúm de Yad_Vashem ûnderskieding takend krigen. Se krije de ûnderskieding om't se yn de oarloch Joadske minsken ûnderdak jûn hawwe. De man dy't him mei ynset hat foar de ûnderskieding is Louis Weyl. Hy is de soan fan Evelijn. In joadsk famke dat ûnderdûkt wie by de famylje Mulder.
De ûnderskieding bestiet út in oarkonde. Ek komme de nammen fan de famylje Mulder op in muorre yn Israël te stean.