Iraanske turners op It Fean

Earder wiene der al Arubaanske turntalinten op It Fean
De kommende tsien dagen traine de bêste turners fan Iran op It Hearrenfean. Dat dogge se yn it turnsintrum. De turners binne te gast op útnoeging fan turntrainer Tjalling van den Berg.
Ali Asghar Bakhshi Pour is de coach fan de akrogymnasiasten yn Iran. Hy hat sels yn de jierren njoggentich op It Hearenfean turne. Mei Tjalling van den Berg hat hy altyd kontakt hâlden. De turners fan Iran bliuwe oant 12 april op It Hearrenfean.