Cambuur ferliest yn Maastricht

02 apr 2010 - 22:01

SC Cambuur hat yn Maastricht mei 2-1 ferlern fan MVV. Al nei fiif minuten moasten de Ljouwerters mei tsien man fierder nei de reade kaart fan Randy Rustenberg. Cambuur kaam dêrnei flot op foarsprong troch in doelpunt fan Danny Guijt yn de njoggende minút. De lykmakker kaam yn de 24ste minút fan Sillah.

Yn de twadde helte hie Cambuur de winst pakke moatten, mar in pear prachtige kânsen waarden ferprutst. In eigen goal fan Van Boxel betsjutte 2-1.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)