Bedrigings foar Fryske boek

Fia de sutelaksje waard in soad ferkocht
Utjouwers binne bang foar in ferearming fan de Fryske taal en kultuer as de provinsje gjin jild beskikber stelt foar de organisaasje fan in sutelaksje fan it Fryske boek. De sutelaksje is skrast en dêrtroch sille foaral skriuwers fan literêre romans hurd troffen wurde.
Streekromans ferkeapje ek wol fia de gewoane boekhannel, mar it grutste part fan de literêre romans waard troch de sutelaksje oan de man brocht.