Ungelok djiplader mei masine

02 apr 2010 - 16:52

In frachtwein hat freed op 'e Lauwersseewei by Dokkum syn oanhinger ferlern. Op 'e djiplader stie in fierrikker. Dat is masine mei in teleskoopearm deroan dy't útskood wurde kin foar allerhanne wurk. It apparaat kaam yn 'e berm telâne en rekke swier skansearre.

De plysje hat ûndersyk dien nei de oarsaak fan it ûngelok. Dêrnei is de dyk ôfsletten sadat in bergingsbedriuw de frachtwein ôffiere koe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)