'Ynboargeringskursus te koart'

02 apr 2010 - 15:25

In ynboargeringskursus fan in jier is fierstente koart. Dat fynt de direksje fan it Friesland College dy't de kursussen fersoarget. Fan allochtoanen kin nei in jier net ferwachte wurde dat se genôch witte fan 'e Nederlânske taal en kultuer. Dizze wike waarden 35 slagge kursisten yn 'e blommen set op de skoalle.

De kursus is ferplichte as earste stap op wei nei in plak yn 'e maatskippij. Ferline jier slaggen njoggenhûndert allochtoanen op it Friesland College.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)