Skimmers feroardiele ta sel

02 apr 2010 - 15:07

Twa Roemeenske skimmers binne troch de rjochtbank yn Ljouwert ta selstraffen feroardiele. De manlju kopiearren bankpaskes en hellen rekkens leech.

Ien fan 'e twa krige in selstraf dy't like lang is as it foararrest. Hy waard dus op frij fuotten steld. Wol moat er 600 euro werombetelje. De oare Roemeen moat sechtsjin moanne de sel yn. Neist it stellen jild dat er werombetelje moat, krijt de oerheid ek nochris 9000 euro fan de feroardielde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)