Westra rydt foar Leukemans

02 apr 2010 - 13:36

Hurdfytser Lieuwe_Westra sil snein yn de Ronde fan Vlaanderen yn tsjinst fan kopman Björn Leukemans ride. Sels hopet er yn in ûntsnapping mei te kinnen, mar fierder sil er benammen mei de ploech soargje dat Leukemans in goede útslach ride kin.

Earder dizze wike liet Westra him goed sjen yn de trijedaagse De Panne. Hy waard twadde yn de ôfslutende tiidrit, achter David Millar. Ferline jier einige Westra as 78e yn de Ronde fan Vlaanderen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)