Q-koarts: gjin doktersdrokte

02 apr 2010 - 11:45

De húsdokters yn Oerterp hawwe oant no ta noch gjin ekstra drokte hân troch de Q-koarts. By de praktyk fan Stelma en Bos binne sels noch hielendal gjin tillefoantsjes kaam fan ûngerêste pasjinten.

By in geitebedriuw yn it doarp waard tongersdei Q-koarts konstatearre. De measte minsken witte eins noch fan neat, seit dokter Stelma. Se ferwachtet dat de Oerterpers der frij nuchter ûnder bliuwe. Se gean pas nei de dokter as se ek echt siik binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)