Plysjemanlju krije klappen

02 apr 2010 - 11:10

By kontrôles op De Westereen is twa kear in plysjeman slein. Trije ynwenners binne oanhâlden. In man (21) krige in boete om't er ûnnedich fierste hurd en rûch ried. Hy ried troch by in stopteken en by de arrestaasje by him thús bemuoiden syn mem en broer (18) har dermei. It broerke joech dêrop de plysje in klap.

Fierders waard in jonge (15) út Twizelerheide oanhâlden omdat er op strjitte bier dronk. Syn freon (16) sloech de plysjeman yn it gesicht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)