Brânwachtman krijt klap

02 apr 2010 - 10:20

By in brân yn Aldskoat binne twa hokken ferlern gien. Fjouwer wenten moasten ûntromme wurde omdat der gefaar wie dat it fjoer oerslaan soe.

Yn it hok dêr't de brân ûntstie siet in foljêre mei fûgels. In man (39) woe der net útkomme doe't de brânwacht oergie ta ûntromming fan 'e omjouwing. De man joech in meiwurker fan 'e brânwacht in klap tsjin 'e helm. Dêrom waard er oanhâlden troch de plysje. By de brân is ek asbest frijkaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)