Tsjerkje Teridzert hast klear

02 apr 2010 - 06:24

De restauraasje fan it tsjerkje yn Teridzert is hast klear. Op dit stuit wurdt der noch troch frijwilligers wurke oan it parkearterrein en de ynrjochting fan de tsjerke. Tsjerketsjinsten wurde der net mear yn holden, mar it gebou kin wol brûkt wurde foar begraffenistsjinsten, troupartijen en kulturele aktiviteiten.

It streekargyf krijt ek in plakje yn de tsjerke dy't yn 1500 boud is. De offisjele iepening is op 21 maaie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)