Manager KNVB nei KNKB

01 apr 2010 - 22:20

René Ahlers, distriktsmanager by it fuotbalbûn KNVB Noord, wurdt de nije direkteur fan it keatsbûn. Per 1 juny wurket er sechtjin oeren yn 'e wike foar de KNKB.

De rest fan de tiid bliuwt er manager by de KNVB. Op 26 maaie ferhúzje de meiwurkers fan it keatsbûn nei it distriktskantoar fan it fuotbalbûn op It Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)