Besunigings 'ûnakseptabel'

01 apr 2010 - 22:03

De besunigings fan it Ryk binne dramatysk foar Fryslân. Dat seit de provinsje. As de besunigings trochgeane, krijt Fryslân 54 miljoen euro yn it jier minder en net 22 miljoen, dêr't de provinsje op rekkene.

Grutte ynfrastrukturele projekten lykas de Heak om Ljouwert komme dan faai te stean. Dêrneist ferdwine lytse skoallen en moatte minsken mear foar it iepenbier ferfier betelje. De provinsje fynt de plannen ûnakseptabel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)