Reparaasjes oan A7

01 apr 2010 - 18:11
Rykswettersteat repareart de froastskea oan de A7tusken Snits en Boalsert

De A7 tusken Snits en Boalsert is takom wykein foar in part ôfsletten. Rykswettersteat docht dan reparaasjes oan de dyk dy't ûntstien is troch de froast fan de ôfrûne winter.

It giet benammen om de ôfritten nei Nijlân. Dy binne ticht tusken freedtejûn acht oere en sneontemoarn fiif oere. As it min waar is, duorret it wurk langer. It ferkear moat rekken hâlde mei in langere reistiid. By de ôfritten wurde de omliedingsrûtes oanjûn op buorden.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)