Trochstart foar Joost Visser

Foto: Omrop Fryslân
Wegebouwer Joost Visser út Nijehaske makket in trochstart. Sawat de helte fan de wurknimmers krijt dien. Fan de 90 moatte der 42 út. Dat hat de kurator Verdonk meidield. De festiging yn Kampen giet ticht en ferhuzet nei Easterwâlde. De festiging fan Joost Visser yn it Grinzer Kolham wurdt oernommen.
Heal maart gie de wegebouwer fallyt fanwege in skuld fan hast acht miljoen euro. De problemen komme troch de lange froast en de swiere konkurrinsje.