Gjin besmettingsgefaar Qkoarts

De kâns dat minsken dy't yn de omjouwing fan Oerterp wenje besmet wurde mei de Q-koarts is lyts. Dat seit it ministearje fan LNV. By in melkgeitebedriuw oan De Feart yn Oerterp is Q-koarts fêststeld. De Voedsel- en Warenautoriteit hat in warskôgingsboerd by it bedriuw delset. De drachtige geiten op it bedriuw wurde sneon romme.
It ministearje fan LNV tinkt dat de kâns ek net grut is dat geiten op oare bedriuwen yn de omjouwing besmet wurde.