Koaigefjocht yn Drachten

© Omrop Fryslân
Foar it earst sûnt 12 jier wurde der wer koaigefjochten organiseard yn Nederlân. It fjochtevenemint is yn Drachten yn Sportcentrum Splitting. De organisaazje hat fan de gemeente Smellingerlân in fergunning krigen foar 17 april.
Yn 2008 wie it foar it lêst dat se besocht ha in koaigefjocht te organisearen, mar de gemeente Ede hat it doe op it lêste momint ferbean. Yn 1997 waard it koaigefjocht noch ferbean, omdat it te gefaarlik wêze soe.