Lieuwe Westra 2e yn tiidrit

Lieuwe Westra (argyffoto)
Lieuwe Westra hat yn de ôfslutende tiidrit fan de Trijedaagse De Panne geweldich wurk levere. Allinnich David Millar wie nei 14,75 km rapper as de ynwenner fan Mûnein. Millar wûn ek it einklassemint.
Op it mjitpunt ûnderweis wie Millar krapoan fiif sekonden rapper, oan de einstreek wie it ferskil itselde Yn de twadde etappe fan woansdei ferspile Westra troch de kjeld syn kânsen op de einoerwinning. Hy waard no fiifde yn de einstân.