Nije dramasearje by Omrop

01 apr 2010 - 11:54

Omrop Fryslân komt mei in nije dramasearje foar de regionale televyzje. It idee komt fan regisseur Mirjam de With fan De Jouwer en it wurdt útwurke yn oerlis mei Tryater.

It plan sit noch yn de ûntwikkelingsfaze. Om it út te wurkjen is subsydzje oanfrege by it Mediafonds yn Amsterdam, dat bysûndere televyzjeproduksjes stimulearje wol. As ek de fierdere finansiering slagget wurdt de nije searje takom jier opnommen en útstjoerd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)