Jonge slein troch acht oaren

In jonge fan 14 is woansdei yn Ljouwert mishannele troch in groep fan acht jonges. It slachtoffer hie in ôfspraak mei in eks-freondintsje by in ytgelegenheid oan de Leeuwerikstrjitte. Doe't er dêr kaam, stiene de jonges him op te wachtsjen. Se skopten tsjin 'e fyts oan en sloegen him tsjin de holle.
De jonge rekke ferwûne oan eagen, mûle en achterholle. Dêr moast er foar nei it sikehûs. De plysje is op syk nei de dieders.