Kitesurfer loft ynwaaid
In 20-jierrige man út Dortmund yn Dútslân is woansdei by Warkum ferwûne rekke. De man wie op it strân oan it kitesurfen.
In flinke wynpûster soarge derfoar dat er tritich meter de loft ynslingere waard. Dêrnei foel de jongeman op 'e grûn. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.