Waterpoorters fan it jier

Foto: Omrop Fryslân
Jans Groothuis en Henk Stallmann wurde de nije Waterpoorters 2010, minsken dy't har ynsette foar de gemeente Snits. Groothuis is al sûnt 1972 siktaris fan de iisklup Snits en set him fierder yn foar de Martinitsjerke yn Snits, de Vereniging van Sneeker Zakenlieden en Sneek Promotion.
Stallmann hat ek frijwilligerswurk dien foar de Vereniging van Sneeker Zakenlieden en hat him fierder ynset foar it Frysk Skipfeartmuseum en de Vereniging Historisch Sneek.