Himpkwekerij Drachten oprôle
Oan 'e Ludingakerke yn Drachten is woansdeitemiddei in himpkwekerij oprôle. Plysjes kamen de kwekerij op it spoar nei in tip op it tillefoannûmer fan Meld Misdaad Anoniem. It wie bûten ek te rûken. Yn it hûs stiene goed twahûndert planten.
De plysje hat in fertochte oanhâlden. De planten en de apparatuer binne ferneatige.
Trefwurden:
argyf